Gjin lieding yn Menameradiel

25 sep 2001 - 00:00

It fuortstjoeren fan de gemeentesekretaris fan Menameradiel is inkeld it begjin fan it oplossen fan de problemen op it gemeentehûs. Dat seit de fakbûnsbestjoerder fan Abvakabo/FNV dy't praat hat mei de ynterim-manager.

Al jierren is de sfear net goed op it gemeentehûs. It probleem is dat der oer it personiel praat wurdt yn stee fan mei de wurknimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)