Gjin libbene slangen mear fûn

05 nov 2001 - 00:00

Yn en om de Gysbert Japicxstrjitte yn Ljouwert binne it ôfrûne wykein gjin libbene slangen mear fûn. By de ûntromming fan it hûs op nûmer 61 binne wol in soad oare libbene en deade, beskerme en net beskerme bisten fûn.

Sa binne der fisken, salamanders, beamkikkerts en ek noch ris 20.000 opprikte ynsekten en flinters oantroffen. Dizze wike mei de man syn hûs wer yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)