Gjin lessen fuortset ûnderwiis

17 des 2009 - 19:43
  • De skoallen  foar fuortset ûnderwiis yn Ljouwert binne freed ticht

It hiele fuortset ûnderwiis yn Ljouwert hat besletten de doarren freed ticht te hâlden. Dat jildt dan foar alle lokaasjes fan Piter Jelles, skoallemienskip Comenius en it Beyers Naudé-gymnasium.

De learlingen fan de lokaasjes fan Piter Jelles yn Dokkum, Kollum en Sint Anne ha freed ek frij. De direksjes fan de ferskate ûnderwiisynstellings fine it net ferantwurde om de bern komme te litten. De Friese Poort yn Drachten is freed ek ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)