Gjin les mear yn memmetaal

03 jun 2004 - 00:00

Allochtoane bern op Ljouwerter basisskoallen krije fan 1 augustus ôf gjin les mear yn Turks, Arabysk, Fietnameesk en Koerdysk. De skoallen krije gjin jild mear fan de oerheid om de lessen te beteljen.

Direkteur Vos fan it iepenbier ûnderwiis yn Ljouwert neamt it spitich dat de subsydzje ophâldt om't it learen fan de eigen taal in betingst is foar it goed learen fan Nederlânsk, sa seit er. It giet yn Ljouwert om in 400 bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)