Gjin lek ried Achtkarspelen

19 des 2012 - 08:45

Der is net mei opsetsin lekt oer de stimferhâlding by de beneaming fan Germ Gerbrandy as nije boargemaster fan Achtkarspelen. Dat is de konklúzje fan in ûndersyk troch waarnimmend boargemaster Piet Adema.

Der wie foaral ûndúdlikheid oer wat der wol en net nei bûten brocht wurde mocht. De gemeente fynt it dan ek net nedich om it Iepenbier Ministearje yn te skeakeljen. Wol komt Achtkarspelen mei tal fan oanbeffelings foar de eigen ried en oare gemeenterieden, sa moat der minder neisitten wurde nei de gearkomste.

De ried fan Achtkarspelen hat ekskuzes oanbean oan kommissaris Jorritsma, dy is tefreden mei it ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)