Gjin legionella mear yn Snits

09 aug 2006 - 09:58

De wetterliedings fan de GGZ-lokaasje De Woldenhof yn Snits binne wer skjin. Heal july waard by in kontrôle de legionella-baktearje yn de wetterliedings oantroffen. Der binne doe fuortendaliks maatregels nommen.

Alle dûskoppen binne fuorthelle en de liedings binne trochspield. Der binne gjin pasjinten besmet rekke. Bepaalde farianten fan de legionellabaktearje kinne de feteranesykte feroarsake.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)