Gjin leechrin by AOC

31 maaie 2007 - 14:01

Op Fryske agraryske skoallen is gjin leechrin. Yn oare dielen fan Nederlân kinne de opliedings túnbou en feehâlderij dreech oan learlingen komme. Dat jild net foar AOC Friesland. Dat komt om't Fryslân fan oarsprong in melkfeeprovinsje is.

Der binne wol minder melkfeebedriuwen yn Fryslân, mar dy boerespultsjes wurde wol grutter. It AOC yn Ljouwert is de iennige MBO-oplieding foar feehâlders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)