Gjin leansferheging by Philips

07 des 2009 - 14:11

Meiwurkers fan Philips hoege takom jier net te rekkenjen op in leansferheging. Dat hawwe de fakbûnen moandei te hearren krigen by ûnderhannelings oer in nije cao. Dy moat op 1 jannewaris 2010 yngean.

Neffens Philips, dat ûnder oare in festiging yn Drachten hat, is der gjin romte foar leansferheging. De fakbûnen kinne har dêr net yn fine. Sy wolle dat de meiwurkers oardel posint mear lean krije. Ek wolle se dat it sosjaal plan ferlingd wurdt oant 2012.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)