Gjin lânboubeurs yn 2013

29 nov 2012 - 12:00

De Noard Nederlânske Lânboubeurs yn it WTC Expo yn Ljouwert giet takom jier net troch. De organisaasje hat besletten de beurs in jier út te stellen, omdat der takom jier yn deselde perioade in lânboubeurs is yn Assen.

De organisaasje dêr is ferskood fan jannewaris nei desimber. De beurs fan Ljouwert soe ek takom jier desimber hâlden wurde. Foarhinne wie de lânboubeurs altyd yn Súdlaren, mar nei de sluting fan it beurskompleks dêr, die Ljouwert de organisaasje. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)