Gjin kwytskelding foar boer Ie

06 nov 2002 - 00:00

Veerman, minister fan Lânbou, wie woansdei yn Fryslân foar in ynformele wurkbesite oan boerenorganisaasje NLTO. De ferwachting wie dat de minister in strafkoarting fan 22.000 euro foar in boerebedriuw yn Ie kwytskelle soe.

Earder dizze moanne barde dat al mei sân oare boerebedriuwen yn it tongbliergebiet, mar foar dizze boer hie de minister gjin kadootsje meinommen. Foar maatskip Prins- Meindertsma yn Ie is dit in grutte klap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)