Gjin kwartfinale foar Noppert op Winmau World Masters

10 okt 2015 - 16:12

Darter Danny Noppert is der sneon net yn slagge de kwartfinales te berikken fan de Winmau World Masters. Yn it Ingelske Hull ferlear de Jouster mei 3-2 yn sets fan Thomas Junghans út Switserlân. Noppert kaam nei in efterstân van 2-0 noch knap werom, mar koe de winst yn de lêste set net pakke.

Ein oktober spilet Noppert syn folgjende wichtige toernoai, it offisjele wrâldkampioenskip yn Turkije foar it Nederlânsk team.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)