Gjin kuorbal op rubberkeunstgers

29 mrt 2004 - 00:00

Kuorbalklub DFD út Oentsjerk mei gjin wedstriden spylje op harren nije keunstgersfjild. Kuorbalbûn KNKV hat alle keunstgersfjilden mei rubber ôfkard foar kuorbalwedstriden. De bal soe op keunstgers mei rubber nei goed stuitsje en rinne, sa seit it bûn.

DFD is it ûniens mei de argumentaasje fan it KNKV. Neffens de spilers foldocht it keunstgersfjild bêst. DFD wol mei mei de KNKV prate, mar it kuorbalbûn reagearret net op brieven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)