Gjin kryststâl yn Broeretsjerke

14 des 2004 - 10:56

Der komt dit jier gjin kryststâl yn 'e Boalserter Broeretsjerke. En dat is net it iennichste probleem mei de karakteristike ruïne. In part fan it bestjoer fan 'e freonen fan 'e tsjerke is opstapt. De bestjoersleden dy't der noch binne, ha skeel mei de gemeente, omdat de plannen foar de oerkaping oer de tsjerke mar lizzen bliuwe.

Troch alle reboelje is der dit jier foar it earst yn tweintich jier gjin libbene kryststâl yn 'e Broeretsjerke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)