Gjin krystkuiertocht spitkeet

25 des 2009 - 10:47
  • Kij yn 'e snie (foto: Ebele Visser)

Yn ferbân mei de waarsomstannichheden is de de krystkuiertocht by de spitkeet yn de Harkema foar twadde krystdei ôfsein. Neffens de organisaasje binne de paden net goed te berinnen. Ek is de spitkeet net goed te berikken foar auto's omdat der mar in smel paad is.

Ferline jier kamen der 600 kuierders op de tocht ôf, út Fryslân, mar ek út Grinslân. De organisaasje hie al in soad snert ynslein foar de tocht, mar dat wurdt bewarre yn de friezer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)