Gjin krimp by Belestingtsjinst

27 sep 2013 - 17:17

Boargemaster Crone fan Ljouwert is tige te sprekken oer it beslút fan de ministerried. Earst soene der 72 wurkplakken ferdwine by de Belestingtsjinst, letter waard dat de helte en no dus gjin ien mear. It CJIB yn Ljouwert krijt der sels 60 ekstra wurkplakken by, omdat se der ek ekstra taken by krijt.

Dit komt neffens Crone troch de druk fanút de Twadde Keamer en de Fryske lobby yn Den Haag. Mar Crone rekkent derop dat der noch wat ekstra banen nei Ljouwert takomme, want Fryslân wurdt neffens him te hurd troffen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)