Gjin kouveuse-poppes troch MRSA

05 jul 2004 - 17:52

It Antoniussikehûs yn Snits nimt de kommende dagen gjin swangere froulju op as de poppe yn de kouveuse moat. De kouveuse-ôfdieling is besmet mei de MRSA-baktearje. Dy is gefaarlik foar minsken dy't minder wjerstân ha.

It is de earste kear dat it Antonius de MRSA-baktearje hat. Froulju dy't kâns ha op in kouveusepoppe wurde nei oare sikehúzen trochstjoerd. Foar needgefallen is der noch wol in spesjale kouveuse-romte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)