Gjin konkrete klup foar Ziyech

14 aug 2014 - 13:42
  • Hakim Ziyech fiert syn treffer

Der is noch altyd gjin konkrete ynteresse foar Hakim Ziyech, sa seit manager fuotbalsaken Hans Vonk fan Sportklup Hearrenfean. Neffens Vonk hat noch gjin inkele klup him melden, nettsjinsteande alle geruchten oer klups as FC Twente en Feyenoord. En dus spilet Ziyech freed tsjin Feyenoord gewoan mei.

Pele van Anholt komt werom fan in heupblessuere en nimt de linksbackposysje wer yn. Dat giet ten koste fan Raitala. De nije Sweedske oanwinst Sam Larsson spilet freed noch net mei yn De Kuip. Hy meldt him snein wer op It Hearrenfean.

Opstelling Hearrenfean: Nordfeldt, Marzo, Buijs, Van Aken, Van Anholt, De Roon, Van den Berg, Ziyech, Slagveer, Uth en Sinkgraven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)