Gjin konkoers hippyk yn Droegeham fanwege it wiete waar

04 sep 2015 - 16:11
  • Winner Willem Wester mei de hynst Maurits

It konkoers hippyk yn Droegeham giet sneon net troch. Dat komt troch it minne waar. Mei 6000 besikers is it konkoers fan Droegeham ien fan de top-konkoersen fan Nederlân en it is noch noait earder foarkaam dat it net trochgean koe. It fjild is fierstente wiet, seit Frank Roest fan de organisaasje, en dan wurdt it in grutte drekboel. De kâns dat de hynders in blessuere oprinne is dan te grut.

It konkoers wurdt no organisearre op 13 septimber. It tintefeest dat by it konkoers heart, giet sneon wol troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)