Gjin kompensaasje: net sâltwinne

11 mrt 2006 - 13:23

De winning fan sâlt yn Noardwest- Fryslân moat stopset wurde as der gjin goede kompensaasje komt foar de skea. Dat fynt de Steatefraksje fan de PvdA.

De partij seit fierder dat lânbou, wenjen en de sâltwinning neistelkoar bestean kinne. Dochs moat it net sa wêze dat de boeren en ynwenners sels opdraaie foar de skea. It Harnzer sâltfabryk Frisia moat der dêrom foar soargje dat de lânbou net ferdwynt, fynt de PvdA yn de Steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)