Gjin koarting gemeentefûns

26 feb 2009 - 14:31

CDA-Dongeradiel wol dat it Ryk ôfsjocht fan de koarting op it gemeentefûns. De partij sil dêr tongersdei yn de ried in moasje oer yntsjinje. It Ryk oerwaget om in budzjet foar it gemeentefûns mei 300 miljoen te ferleegjen.

Foar Dongeradiel betsjut dat dat der sa´n fiif ton minder binnen komt, sa hat it CDA besifere. Boppedat moatte gemeenten de tekoarten dy´t ûntstean troch in tanimmend tal minsken yn de bystân, sels opfange.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)