Gjin klachten oer Sonac

03 mrt 2007 - 15:11
  • Noait mear "It stjonkfabryk" ...?

Omwenjenden fan destruksjebedriuw Sonac yn Sumar ha mear as in heal jier net by de provinsje klage oer stank. It bedriuw dat slachtôffal ferwurket stie tiden bekend as it stjonkfabryk.

De stankoerlêst soarge regelmjittich foar klachten. Dat is no ophâlden, neffens deputearre Baas. Sûnt de jierren njoggentich is de stjonkerij mei tachtich prosint ôfnommen. Ynkoarten krijt Sonac in fergunning om sân dagen yn de wike te wurkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)