Gjin Keninginnefjoer yn Blije

27 apr 2011 - 15:29

It tradisjonele Keninginnefjoer yn Blije giet dit jier net troch. De brânwacht en de gemeente fine it net fertroud fanwege de droechte. It Keninginnefjoer wurdt alle jierren hâlden troch doarpsbelang.

Doarpsbelang soe it fjoer dit jier oanstekke oan de Mieddyk yn Blije, mar neffens de brânwacht is sa'n grut fjoer te gefaarlik. It risiko foar de omjouwing is te grut. It fjoer is gewoanwei by de âlde spoarbaan yn it doarp, mar ek dêr is it net feilich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)