"Gjin kearnôffal ûnder Snits"

02 okt 2014 - 18:05

De gemeente Súdwest-Fryslân is poer tsjin op it opslaan fan kearnôffal ûnder Snits. Dat lit de gemeente witte nei oanlieding fan it ûndersyk fan TNO. Dêryn wurde tal fan lokaasjes neamd dêr't mooglik kearnôffal opslein wurde kin. Ien fan de foarstelde lokaasjes is Snits.

Alle lannen dy't oansluten binne by de EU moatte foar 2017 in plan meitsje mei plakken dêr't se ûndergrûnse opslachplakken realisearje kinne. Nederlân is fan plan om it kearnôffal op te slaan yn sâltkoepels en klaailagen yn Noard-Nederlân. Under Snits leit sa'n klaailaach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)