Gjin keapsnein yn Drachten

04 nov 2008 - 06:49

Der komt yn earste ynstânsje gjin keapsnein yn Drachten. Dat binne it CDA en de Partij van de Arbeid yn de gemeenten Smellingerlân oerienkommen. Beide partijen wolle graach mear leven op snein troch kulturele aktiviteiten.

De PvdA woe earder perfoarst dat dan ek de winkels iepen giene, mar it CDA wie dêr net foar. De partijen hawwe no ôfsprutsen dat se der by it kolleezje op oantrúnje om alle moannen in grut evenemint te organisearjen. Der kinne dan wol merkkreamen yn it sintrum komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)