Gjin kassaasje yn saak Ooms

08 jul 2013 - 12:55
  • Hûs Ooms

De Hege Ried hat it kassaasjefersyk yn de saak Marinus Ooms ôfwiisd. De haadfertochte wie it net iens mei it fonnis fan it gerjochtshôf. Ferline jier waard er yn heger berop feroardield ta 18 jier sel, foar de moard op Marinus Ooms. Dy waard yn oktober 2006 mei in mes om it libben brocht yn syn hûs yn Haulerwyk. De man woe dat de Hege Ried him nochris oer de saak bûge soe, mar dat giet no net troch. De famylje fan Ooms is bliid dat der no in punt achter de saak setten wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)