Gjin kânsen mear foar A7

29 okt 2009 - 15:10
  • Der bliuwt gjin oare wei as it oanfreegjen fan it fallisemint

Sawat 60 meiwurkers fan it Centrum voor de Kunsten A7 hawwe tongersdei emosjoneel reagearre op de sitewaasje by it sintrum. Doe waard ek mei bestjoersleden praten oer it driigjende fallisemint, no't de rjochter sein hat dat de gemeenten gjin foarskot hoege te beteljen.

De meiwurkers wurde al net mear betelle. It personiel sjocht no oars gjin útwei mear as it sels oanfreegjen fan it fallisemint. Dat bart nei alle gedachten nije wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)