'Gjin kanker troch stjoermêst'

30 jan 2004 - 00:00

De stjoermêst fan Spannenburch soarget net foar mear kankergefallen. Dat makke de GGD tongersdei bekend op in spesjale gearkomste. De ynwenners fan Dunegea, Sint Nyk, Tsjerkgaast en Jiskenhuzen fûnen dat it tal syktegefallen opfallend heech wurden is. Ut GGD-ûndersyk docht no bliken dat dat net it gefal is.

De gemeente Skarsterlân hat de GGD opdracht jûn om takom jier mei de sifers oer 1999 en 2000 te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)