Gjin kampioenskip Harkiten

10 maaie 2014 - 16:31
  • Krekt gjin kampioenskip foar Harkemase Boys
  • Trainer Willem Brouwer fan Harkemase Boys
  • Trainer Fred de Boer fan Drachtster Boys

Harkemase Boys is op de lêste spyldei gjin kampioen wurden yn de haadklasse C. De Harkiten wûnen mei 5-3 fan Drachtster Boys mar ek konkurrint Genemuiden wûn en pakte de titel. De Harkiten waarden twadde, goed foar neikompetysje.

Op De Bosk makke Regilio Holder de Drachtster iepeningstreffer. Heine Uuldriks tekene foar de 1-1, wêrnei't Arton Musliu de 2-1 makke. Mei in hattrack soarge Uuldriks foar in 4-1 rêststân. Nei rêst kamen de Drachtsters werom oant 4-3, mar Robin Huisman de Jong smiet de wedstriid twa minuten foar de ein yn it slot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)