Gjin kamera's yn sintrum

30 jun 2004 - 13:58

Der komt foarearst gjin tafersjoch mei kamera's yn Ljouwert. Alteast as it oan boargemaster Dales leit. Hoareka, winkellju en de VVD hienen derom frege nei de geweldiedige oerfallen fan ôfrûne wike. Wol is it sintrum meikoarten in feilichheidsrisikogebiet en mei previntyf fûllearre wurde.

Der komme gjin kamera's. De ried hat him twa jier lyn útsprutsen tsjin kameratafersjoch oant 2006. Dêr wol de boargemaster him oan hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)