Gjin jûnsboat om hurde wyn

05 okt 2011 - 16:14

Rederij Doeksen lit tongersdei tal fan boaten ferfalle. Dat hat te krijen mei de hurde wyn dy't foarsein is. It giet om de sneltsjinsten fan 17.30 oere fan Harns nei Flylân, 18.25 oere fan Skylge nei Flylân en 19.00 oere fan Flylân nei Harns.

Doeksen set tongersdei in ekstra feartsjinst yn mei de gewoane boat, om 16.45 oere fan Flylân nei Harns. Dy boat giet om 19.00 oere wer werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)