Gjin jongen foar de see-earnen

16 apr 2014 - 20:01
  • See-earn

It spantsje see-earnen dat al jierrenlang briedt yn it Lauwersmargebiet krijt dizze maitiid gjin jongen. Neffens saakkundige Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek is it brieden definityf mislearre. Der is earst in nêst makke op in nij plak yn it súdlik part fan de Lauwersmar tichtby in kuierpaad. Mar dat is al gau ferlitten, mooglik binne de fûgels dêr fersteurd.

Dêrnei ha de see-earnen it besocht op it gebrûklike plak. Dêr is in grut nêst makke, mar it wyfke hat dêr nei alle gedachten nea oan it brieden west.

Boppedat liket it der op dat it nêst fan 'e wike út de beam waaid is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)