Gjin jildpine yn Smellingerlân

10 okt 2002 - 00:00

Smellingerlân sit der goed by. Yn de begrutting fan de gemeente foar takom jier steane gjin besunigingen. Ek de ûnreplik goud belesting wurdt net mei in grut bedrach ferhege.

It skrassen fan de saneamde Melkertbanen kin de gemeentekas noch bedrige. Dochs tinkt wethâlder Pultrum in mooglik tekoart sels opfange te kinnen troch ekstra jild fan it ryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)