Gjin jild trochstart trein

10 feb 2012 - 10:10

De gemeente Súdwest-Fryslân en de provinsje ha besletten dat se foarearst net meiwurkje oan de trochstart fan de Friese Stoomtrein Maatschappij. Foar in trochstart fan de stoomtrein wie in ekstra bydrage nedich fan 2,7 miljoen euro, neist de 2,5 miljoen dy't noch nedich wie foar oanslutings op it besteande spoar. Dy ekstra bydrage wie nedich fanwege grutte finansjele tekoarten by de maatskippij, dy't in trein ride litte soe tusken Snits en Starum.

Nei de ôfhanneling fan it fallisemint sjogge provinsje en Súdwest-Fryslân fierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)