Gjin jild Pantera fan 2 Brothers

23 aug 2004 - 17:39

De film '2 Brothers' fan filmmakker Jean-Jacques Annaud hat gjin sint opsmiten foar rôfdiere-opfangsintrum Pantera fan Nijeberkeap. De film oer twa tigers, dy't yn finzenskip libje, gie begjin july yn premiêre yn 'e Nederlânske bioskopen.

Op posters en advertinsjes fan 'e film stie it gironûmer fan Pantera. Mar der is neat op de rekken oermakke. It jild wie bedoeld om in gedrachsterapeutyske romte foar tigers te bouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)