Gjin jild mear foar monuminten

26 maaie 2010 - 19:45

De subsydzjepotten foar gemeentlike monuminten en beskerme steds- en doarpsgesichten binne leech. It nasjonaal restauraasjefûns wol dat der struktureel mear jild komt foar monumintesoarch. Dat omdat it tal gemeentlike monuminten bot groeit.

De ferwachting is dat der yn 2012 yn Fryslân tusken de 350 en 1050 nije monuminten bykomme sille. Elk dy't eigner is fan in monumint kin út de subsydzjepot jild liene tsjin in lege rinte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)