Gjin jild mear foar korpsen

22 jun 2014 - 16:05
  • De Jouster Fanfare ûnder lieding fan Siemen Hoekstra op it poadium fan de Lawei

Muzykferienings yn De Fryske Marren krije fan 2017 ôf gjin jild mear fan de gemeente. De subsydzje wurdt yn twa jier tiid folslein ôfboud. De Fryske Marren besunigt 28 persint op de kultuersektor, mar de koarting foar de korpsen is 100 persint. De ferienings neame de koarting hiel soer. Muzykferiening Excelsior Ousterhaule en de Jouster Fanfare hawwe in brief nei de gemeente stjoerd. Dêryn liede se de needklok oer de besunigings.

Wethâlder Durk Durksz fynt it ek soer dat de jildkraan ticht moat, mar stiet efter it besunigingsbelied.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)