Gjin jild fuortheljen lûdswâl

16 mrt 2009 - 23:52
  • De lûdswâl

De gemeenteried fan Littenseradiel kin finansjeel neat mear as it beslút de lûdswâl by Winsum fuort te heljen. Dat stelt it haad finansjen fan Littenseradiel. De wâl waard oanlein om't in amtner tocht dat dy ferplichte wie by it bouwen fan huzen.

Letter die bliken dat it hielendal net hoecht. It doarp en de riedsleden wolle no fan de wâl ôf om't dy it sicht op it doarp weinimt. Dat kostet de gemeente lykwols in heal miljoen euro. Dat jild is der net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)