Gjin jild foar WK-fuotbal

22 sep 2010 - 22:37
  • Gjin jild foar útwreiding stadion foar it WK

De Steaten wolle gjin sint útjaan oan in mooglik wrâldkampioenskip fuotbal yn Nederlân yn 2018. De gemeente Hearrenfean dy't dan mooglik ien fan de spylstêden wurdt, hoecht net te rekkenjen op stipe foar bygelyks de útwreiding fan it Abe Lenstrastadion. De Steaten fine dat se mei de besunigings foar de doar dêr net samar jild ynstekke kinne.

It is ek net dúdlik hoefolle oft de provinsje aanst kwyt is oan ûnder oare feiligens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)