Gjin jild foar winterfestival

29 sep 2011 - 12:30
  • Gjin iisbaan by de Aldehou

It winterfestival yn Ljouwert krijt gjin jild fan it LOF, it Ljouwerter ûndernimmers fûns. It fûns stekt der gjin jild yn omdat it net genôch útstrieling hat foar hiel Fryslân. Dat betsjut dat der definityf gjin iisbaan komt by de Aldehou yn de stêd.

Ien fan de organisatoaren siet dat sa heech dat er woansdeitejûn ferhaal helle by twa ûndernimmers oan de Iewal yn Ljouwert. Dy binne slein en har terras waard fernield. De man en in frou binne oanhâlden foar mishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)