'Gjin jild foar waadeilannen'

29 mrt 2012 - 14:22

Fryslân Marketing wol gjin jild frijmeitsje foar selsstannige promoasje fan de Fryske waadeilannen. Dy ha dêr om frege nei't se woansdei de gearwurking mei it provinsjale promoasjeburo opsein ha. Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach wolle sa gau mooglik in ûndersyk nei it funksjonearjen fan Fryslân Marketing.

Neffens de VVV-organisaasjes operearret it provinsjale promoasjeburo te tradisjoneel en is it net mear fan dizze tiid. Boppedat soene sawol taseine projekten as makke ôfspraken net neikommen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)