Gjin jild foar skuldeaskers NNBT

10 sep 2004 - 12:38

De hast 500 skuldeaskers fan it fallite NNBT binne har jild kwyt. Benammen in soad lytse rekreaasje-ûndernimmers en VVV's binne de dupe. Der sit 750.000 euro yn de fallite boedel fan it Noard Nederlânsk Buro foar Toerisme.

It measte jild giet nei de belestingtsjinst en útkearingsynstânsje UWV. It jild dat dan oerbliuwt, moat ferdield wurde ûnder de skuldeaskers. Neffens de kurator is dat op syn heechst in pear hûndert euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)