Gjin jild foar nije coffeeshop

24 sep 2009 - 09:47
  • Gemeente wol coffeeshop, mar hat gjin jild

Der komt foarearst gjin coffeeshop yn Easterwâlde. De gemeente woe dy graach yn it doarp hawwe om de ferkeap en it gebrûk fan softdrugs better kontrolearje te kinnen. Mar der is op dit stuit gjin jild foar. Troch de resesje sit Eaststellingwerf minder rom yn de sinten en de gemeente hat it jild nedich om in Centrum voor Jeugd en Gezin del te setten. It is net bekend wannear't der wol in coffeeshop yn it doarp komme kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)