"Gjin jild foar fersoargingstehuzen stekke yn Sionsberg"

07 nov 2014 - 16:05

Sikehûs de Sionsberg yn Dokkum moat fierder as polyklinyk en mei gjin jild mear krije dat bedoeld is foar fersoargingstehuzen. Dat seit CDA'er Roel Dijkstra. Hy is riedslid yn de gemeente Dantumadiel en makket him grutte soargen oer de takomst fan de Sionsberg en de âldereinsoarch.

Neffens him is der 20 miljoen euro yn it sikehûs stutsen troch soarchorganisaasje Pasana. En dat jild is eins bedoeld foar de fersoargingstehuzen. Dijkstra fynt dat frjemd en freget him ôf oft dat eins wol mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)