'Gjin jild foar feilige pôlen'

05 okt 2009 - 12:28

It Fryske Gea wol it bûtendykse lân by Ferwert wol feiliger meitsje, mar dêr is gjin jild foar. It ôfrûne wykein ferdronken dêr 23 skiep troch it hege wetter. It Gea hie in fersyk yntsjinne by it Waadfûns om it gebiet feiliger te meitsjen. Dat is doe ôfwiisd.

Dêrnei is in plan makke mei de gemeente Ferwerderadiel. Dat plan is yntsjinne by de provinsje, mar ek ôfwiisd. Foar de skiep dy't ferdronken binne is de boer sels ferantwurdlik, neffens it Fryske Gea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)