Gjin jild foar earmoedebelied

09 mrt 2011 - 12:30

Provinsjale Steaten binne foarearst net fan doel om nochris fjouwer jier lang in miljoen te besteegjen oan earmoedbelied. De provinsje die dat de lêste fjouwer jier wol, mar fynt dat gemeenten it no oppakke moatte.

De SP is it dêr net mei iens en fynt dat de provinsje op deselde foet trochgean moat. GrienLinks en Feriene Lofts lykje it dêr mei iens. Sa't it no liket, is de kommende jierren noch mar 40.000 euro yn 't jier beskikber. Neffens de SP is dat fierstente min.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)