Gjin jild foar dykûnderhâld

04 sep 2011 - 08:40

Eaststellingwerf moat de kommende jierren leare te libjen mei minne diken. Troch besunigings is der net genôch jild om de diken op it besteande peil te hâlden. Foar de kommende jierren is in skema opsteld wêrby't de minste diken it earst oplape wurde.

Om't diken fan minne kwaliteit hurder efterút geane as nije diken, nimt it efterstallich ûnderhâld wol fierder ta. Yn 2017 giet dat om 2,2 miljoen oan efterstallich ûnderhâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)