Gjin jild foar Antillianen

11 sep 2003 - 00:00

De gemeente Ljouwert hoecht net te rekkenjen op ekstra help fan it Ryk by it oplossen fan geweldsproblemen ûnder Antillianen. Ljouwert hat dêr wol rjocht op om't de stêd in Antilliaansk befolkingsdiel hat fan oer de 1%. Mar de subsydzjepot is leech, sa makke boargemaster De Boer woansdei bekend.

De plysje presintearre woansdei ek in rapport oer it jier 2002. Dêrút docht bliken dat de kriminaliteit yn 'e probleemwiken fan Ljouwert net ôfnimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)