Gjin jild ferbouwing Martenahûs

02 jul 2004 - 14:46

Frjentsjeradiel krijt gjin tastimming fan de provinsje om it Martenahûs ta museum te ferbouwen. Museum It Coopmanshûs soe dêrhinne ferhúzje. Mar deputearre Ploeg hat de oanfraach ôfwiisd en dêrtroch rint de gemeente mear as fiif ton subsydzje mis.

Mei-inoar soe de ferbouwing 1,5 miljoen euro kostje. Neffens Ploeg is de finansjele ûnderbouwing net goed. De gemeenterie leit him net del by it beslút en giet yn berop by de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)