Gjin jild.., dan mar ferniele

23 sep 2002 - 00:00

In 35-jierrige Burgumer hat snein foar argewaasje soarge by in pompstasjon. De man woe sigaretten keapje, mar krige neat om't er net genôch jild hie.

De wegering noaske de man net. Hy smiet in kranterek om en en ek in rek mei brânblussers moast it ûntjilde. Bûten smiet er guod om it rút himmeljen op strjitte. De man koe oanholden wurde troch de eigner fan de pomp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)