Gjin jeugdsealfuotbaltoernoai

21 des 2009 - 14:44

De KNVB distrikt Noard hat it hiele krystsealfuotbaltoernoai foar de jeugd skrast. Troch it minne waar en de waarsferwachting foar de kommende dagen is dit drege beslút fallen. Dat betsjut ek gjin finalewedstriden yn de ferskillende kategoryen op sneon 2 jannewaris yn De Trije fan Frjentsjer.

De kommende tiid soe der troch 150 ferienings mei 820 teams yn 39 sporthallen spile wurde. It is foar it earst yn hast 40 jier dat de KNVB it jeugdkrysttoernoai ôfsizze moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)